M. de Boer oer Nuon Wetter

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat kompensearre wurde foar it ferlies fan it haadkantoar fan Nuon Wetter. Dat seit boargemaster Margreeth de Boer. It haadkantoar ferdwynt út de Fryske haadstêd, no't Nuon Wetter fusearret mei oare wetterliedingbedriuwen.
Neffens De Boer hie de Nuon al yn 1999 tasein dat der yn Ljouwert in kennissintrum komme soe. Dat komt der no net. Boppedat gean der in soad banen ferlern.