Toskedokter sykje fia ynternet

24 jan 2002 - 00:00

Minsken dy't noch in toskedokter sykje, kinne no ek fia ynternet ien fine. De site www.nmt.nl lit sjen hokker toskedokters noch plak ha foar pasjinten.

Ferline jier fierden de toskedokters aksje omdat de praktykkosten te heech wiene. Der is doe in pasjintestop ynsteld. No't de minister mear jild beskikber steld hat, is der wer plak foar nije pasjinten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)