'Hannelsreis nei Sina súksesfol'

24 jan 2002 - 00:00

De Fryske hannelsmisje nei Sina is neffens de provinsje in súkses. Sa'n 15 bedriuwen hawwe de ôfrûne wike, ûnder lieding fan kommissaris Nijpels, kontakten lein mei it Sineekse bedriuwslibben.

In garânsje foar grutte oarders is dat noch net. Om werklik ta hannel mei de Sinezen te kommen moatte de kontakten de kommende jierren goed ûnderhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)