Radio Caroline werom op radio

© Omrop Fryslân
Radio Caroline komt sneon wer werom op 'e radio. De útstjoering, dy't rjochte is op it Europeeske fêstelân, komt tenei fan Harns út. Radio Caroline begûn yn 1964 mei útstjoeren fanôf in skip dat foar de Ingelske kust lei.
Yn 1967 waard it útstjoeren fan see ôf ferbean, mar Caroline gong der dochs mei troch. It haadstasjon fan Caroline is no yn Ingelân en bringt alternative rock.