Hannel yn auto-emblemen

24 jan 2002 - 00:00

Op skoalpleinen yn Snits wurde stellen auto-emblemen ferhannele. Net dat der in soad fertsjinne wurdt, mar troch de stellerij rinne de auto's wol in soad lakskea op.

De plysje hat al in 14-jierrige jonge oanhâlden. Hy soe de emblemen tegearre mei maten stellen hawwe. Oant no ta hat ien autobesitter oanjefte dien, mar de plysje ferwachtet mear meldingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)