Twizelerheide wol ôf fan 30 km

24 jan 2002 - 00:00

Twizelerheide wol dat de trochgeande dyk troch it doarp 30-km-ôf wurdt. Pleatslik Belang hat dêr in brief oer skreaun oan 'e gemeente Achtkarspelen. De plysje kontrolearret withoefaak, sa stiet yn it brief. Se skriuwe boetes út oan 'suver krûpende automobilisten'. Boppedat nimme guon bestjoerders in alternative rûte troch it doarp. Dêr wurdt hurd riden en dat is gefaarlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)