Famylje socht foar museum

23 jan 2002 - 00:00

In gesin mei fiif bern ûnder de 18 jier wurdt socht. Net dat se spoarloas binne, se binne nedich foar it Iepenloft Museum yn Arnhem. Dêr is in wâldhúske kommen en it museum freget de famylje om der in skoft as lânarbeidersgesin út 1947 te wenjen.

It húske is boud yn 1880 en komt fan Damwâld. Yn 1997 is it nei Arnhem brocht. It publyk kin it gesin besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)