Glas definityf nei Salt Lake

© Omrop Fryslân
Bobslydsker Arend Glas mei definityf de Olympyske Spullen ta. NOC*NSF hat dat woansdei bekend makke. Dielname fan de Jouster waard ûnwis doe't bliken die dat er kontakt mei ekstreemrjochts hân hie. Syn foarmbehâld op it EK wie reden om Glas en syn mannen oan te wizen.
Fierder bepaalde it Olympysk Komitee dat reedrider Ids Postma op de 1500 meter en 1000 meter útkomme mei.