DS wol gau mei Netelenbos prate

23 jan 2002 - 00:00

De provinsje wol mei ferkearsminister Netelenbos prate. Se moat har hâlde oan de tasizzing dat de Wâldwei foar 2005 ferdûbele wurde soe. Hoe't de provinsje Netelenbos safier krijt, is noch ûndúdlik. As legere oerheid kin se net twongen wurde.

Lykas earder bekend makke waard, rint de ferdûbeling fertraging op. Deputearre Steaten fynt dat ûnakseptabel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)