Oranje kleurstoffen populêr

© Omrop Fryslân
De fiedingsyndustry profitearret goed fan it kommende prinslik houlik. By Steensma Food yn Ljouwert is in grutte fraach nei oranje kleurstoffen foar oranjekoeken en tompoezen. Mar ek mandarijnen en abrikoazen binne populêr.
Steensma is bliid mei de oranjegekte. Troch de útskeakeling fan it Nederlânsk alvetal foar it WK fuotbal wie der in skoft gjin fraach nei oranjeprodukten.