Gjin tredde baggerdepot

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt net in tredde baggerdepot oan it Van Harinxma-kanaal by Suwâld. Ut ûndersyk fan de provinsje hat bliken dien dat der gjin needsaak is foar sa'n depot, om't der minder fersmoarge bagger is as tocht waard. Troch de nije noarmen wurdt bagger no minder gau oanwiisd as 'slim fersmoarge'.
De gemeente Ljouwert wie sûnt 1999 op syk nei in lokaasje foar in nij depot.