Feroarings yn post op Skylge

© Omrop Fryslân
Skylge rekket mooglik twa postagintskippen kwyt. It giet om dy fan Midslân en Lies. Boppedat feroaret it iennichste postkantoar dit jier yn in agintskip.
De gemeenteried fan Skylge sil de Twadde Keamer witte litte dat it eilân deroer yn sit oft de service wol op peil bliuwe sil. Boargemaster Van Beukering hat dêroer petearen hân mei fertsjintwurdigers fan Postkantoren BV.