Ynstânsjes yn ien gebou De Pein

© Omrop Fryslân
De plysje fan it distrikt Drachten, Thússoarch De Friese Wouden en de jongerein fan De Pein komme yn ien gebou te sitten. De ynstânsjes sochten al langer nei in gaadlike lokaasje.
It gebou oan de Kommisjewei wie earst eigendom fan De Friese Wouden. De thússoarchorganisaasje bliuwt mei it konsultaasjeburo yn it gebou sitten. It gebou wurdt freed iepene.