Undersyk gearwurking Noarden

De steaten stelle grutte betingsten by in ûndersyk nei in gearwurking tusken de trije noardlike provinsjes. Der mei allinnich mar ûndersocht wurde wat mooglik is, der meie gjin besluten naam wurde oer it gearfoegjen fan ôfdielings.
De noardlike provinsjes wolle besjen hoefolle jild as der besparre wurde kin as ôfdielings lykas de reproduksje en ICT ûnder ien dak brocht wurde. Sa'n saneamd Shared service centre kin 3,5 miljoen euro op jierbasis besparje. De steateleden wachtsje it ûndersyk ôf, mar wolle gjin fiergeande gearwurking.
Der wie mear krityk op de noardlike gearwurking. Want Fryslân ferliest op it stuit in soad rykstsjinsten. De measte tsjinsten geane nei Grins en dat betsjut baneferlies yn Fryslân. De steaten binne kritysk op de lobby fan de provinsje.