Arrestant nimt de kuierlatten

22 jan 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In 32-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is moandei ûntkommen, flak neidat de plysje fan Wolvegea him oppakt hie. De man siet fêst op fertinking fan ferkrêfting.

Hy soe oerbrocht wurde nei it buro yn Ljouwert, mar ûnderweis nei de auto ûntkaam er de twa plysjeminsken dy't him meinimme soene. In syktocht smiet neat op.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)