Rommelmerk as goedkeap dumpplak

22 jan 2002 - 00:00

Partikulieren dumpe guod dat se kwyt wolle by rommelmerken. Dat sparret jild út, want yn in soad gemeenten moat betelle wurde foar it opheljen of oanbieden fan âld húsrie. De rommelmerken bliuwe dan mei it ûnferkeapbere guod sitten.

De gemeente It Hearrenfean warskôget organisaasjes fan rommelmerken om kritysk te wêzen op wat se oannimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)