Drachtster Boys út 'e problemen

22 jan 2002 - 00:00

Drachtster Boys is út 'e problemen. De polityk komt de fuotbalclub yn 'e mjitte mei in stipe fan 1,5 miljoen euro. Dat giet benammen nei de herbou fan 'e ôfbaarnde kantine. Der komme ek ekstra klaaikeamers en in nij fjild.

Mei it jild fan Smellingerlân is de club der noch net. Se moatte sels ek noch 3 ton op it kleed lizze. Dat dogge se mei ferhier en reklame-ynkomsten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)