Bern Westhoek wer nei skoalle

22 jan 2002 - 00:00

Alle 32 bern fan 'e iepenbiere basisskoalle fan 'e Westhoek binne tiisdei wer nei skoalle gien. Moandei waarden hast alle bern thúshâlden fanwege problemen mei luzen. Tiisdei binne alle bern op lús kontrolearre troch âlders en masters en juffen, yn gearwurking mei de GGD.

Dy luzekontrôles sille de kommende wiken alle dagen útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)