Argewaasje oer Wâldwei

© Omrop Fryslân
De argewaasje oer de Wâldwei nimt ta. Hieltyd wurdt de ferdûbeling útsteld en moandei wie de wei ek wer ôfsluten. By de Fonejachtbrêge wie in frachtwein fan 'e dyk ôf rekke.
Rykswettersteat hat moandei tajûn dat de ferdûbeling fan it lêste stik Wâldwei net yn 2005 klear is. Dat soe foaral troch de finansiering komme, wêrby't ek bedriuwen belutsen binne.