Untslaggen by Landustrie Snits

21 jan 2002 - 00:00

Landustrie yn Snits jout achttjin man dien. It bedriuw, dat ûnderdielen foar wettersuveringsynstallaasjes makket, moat reorganisearje. De risseltaten oer de lêste twa jier foelen ôf. It bedriuw hat 170 minsken yn tsjinst. De wurknimmers binne ûnderwilens op 'e hichte steld fan de ûntslaggen. It is lykwols noch net bekend wa't der krekt út moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)