KFFB dielt wer prizen út

© Omrop Fryslân
De prizen fan de Fryske boekeklub KFFB (Kristlik Fryske Folksbibleteek) geane dit jier nei Lieuwe Pietersen, Willem Tjerkstra en Anders Minne Rozendal. De skriuwers krije in dikke 2000 euro. Harren boek wurdt yn 'e rin fan dit jier útjûn. De KFFB hat fiif manuskripten ôfwiisd. It earste nije boek dat ferskine sil is dat fan Lieuwe Pietersen: Eva Godthelp.