Molukse betinking yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De Molukse aktivist Reawaruw en sa'n 15 folgelingen hawwe sneon blommen lein by it Ynjemonumint yn Ljouwert. Reawaruw wol sa omtinken freegje foar it geweld op de Molukken. Neffens Reawaruw sitte der wer nije Molukse aksjes oan te kommen, ek al omdat it Nederlânske regear neat ûndernimt tsjin it geweld.
Reawaruw sil him by nije aksjes wol oan de wet hâlde, sa seit er.