Priis foar Damwâldster fotograaf

19 jan 2002 - 00:00

Fotograaf Wybe Bosch fan Damwâld hat in ynternasjonale priis wûn foar syn portret en houliksfoto's. It giet om in priis fan it Dutch Institute of Professional Photographers. Fanwege de priis mei Bosch him tenei as twadde graaf yn it noarden 'associate' neamde.

Bosch is al 18 jier fotograaf yn Damwâld. Hy is spesjalisearre yn portretten en troufoto's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)