Swalker dea troch hertôfwiking

19 jan 2002 - 00:00

De swalker dy't yn 'e nacht fan tongersdei op freed ferstoar yn in Ljouwerter plysjesel hie in ôfwiking oan syn hert. Ut seksje docht bliken dat der wat mis wie mei de hertspier fan 'e man.

De identiteit fan 'e man is noch net frijjûn, omdat it de plysje noch net slagge is om alle famylje fan it slachtoffer te berikken. De man waard fêstset omdat hy oerlêst feroarsake.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)