Kompjûterûnderwiis djoerder

18 jan 2002 - 00:00

Underwiisorganisaasje GCO Fryslân is benaud dat skoallen de ynfiering fan kompjûterûnderwiis op de lange baan skowe sille. Softwaregigant Microsoft freget skoallen nammentlik mear jild foar it brûken fan har produkten.

De bedragen wurde mei yngong fan 1 febrewaris op syn minst 3 kear sa heech. Guon skoallen, lyk as it Lauwerscollege yn Bûtenpost, wolle it jild net betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)