Heerenveen wol wer steantribunes

18 jan 2002 - 00:00

Fuotbalklup Heerenveen wol yn de twadde helte fan dit seizoen wer steanfakken yn it stadion ha. De klub wol graach dat de KNVB by de oerheid tastimming freget foar in proef mei sokke fakken.

Op dit stuit binne steanfakken yn stadions ferbean. Neffens Heerenveen is dêr by taskôgers lykwols ferlet fan. No soene minsken faak stean gean yn de sitfakken en dat soe net feilich wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)