Swalker ferstoarn yn plysjesel

18 jan 2002 - 00:00

In 41-jierrige swalker is yn de nacht fan tongersdei op freed ferstoarn yn in Ljouwerter plysjesel. De man is freedtemoarn dea fûn. Yntusken is bekend dat de man stoarn is oan in hertoanfal.

De man, dy't ferslaafd wie oan alkohol, waard tongersdei oppakt om't hy oerlêst feroarsake. Doe't de plysje him binnenbrocht wie hy ferwûne oan 'e holle. In GGD-dokter hat dêr noch nei sjoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)