Tekoart oan earmerken

18 jan 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Der is flinke fertraging ûntstien by it oanleverjen fan earmerken foar skiep en geiten. Benammen geitehâlders driigje dêrtroch grutte problemen te krijen.

It lamjen fan de geiten is krekt begûn en sûnder earmerk meie de geitelamen net nei de mesterij brocht wurde. De stâlen driigje dêrtroch fol te reitsjen. Freedtemiddei sil it probleem oankaarte wurde by de sûnenstsjinst foar bisten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)