Spijbelje komt faker foar

18 jan 2002 - 00:00

Der wurdt hieltyd faker spijbele yn Fryslân. Learplichtamtners krije it dêrtroch drokker. Foarhinne gong it faak noch om in pear oerkes yn de moanne, no bart it geregeld dat bern in tal wiken net op skoalle komme.

Neffens learplichtamtner Van Keulen fan de gemeente Ljouwert wurde de problemen fan bern hieltyd komplekser yn fergeliking mei it ferline.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)