Fallyt Bokma: miljoen skuld

18 jan 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Reklame- en advysburo Bokma yn Drachten hat goed 1,1 miljoen euro skuld. De grutste skuldeaskers binne klanten, mar ek de bank moat noch 300.000 euro hawwe. Tongersdei waard it bedriuw fallyt ferklearre.

De kurator tinkt wol oan in trochstart, mar it is noch te betiid dêr dúdlikens oer te jaan. Alle 24 meiwurkers hawwe ûnderwilens dien krige.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)