Hearrenfean nimt Sportstêd oan

18 jan 2002 - 00:00

De gemeenteried hat tongersdei it plan Sportstad Hearrenfean oannommen. Leefbaar Heerenveen en de FNP wiene tsjin. De partijen hiene muoite mei de 7 miljoen gûne risikodragend kapitaal dat de gemeente op it kleed lizze moat.

It wachtsjen is no op de provinsje en it Ryk. Sy moatte ek miljoenen tasizze. Dy besluten falle lykwols net earder as yn maart.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)