'It oare Fryslân' Dútsk oerset

© Omrop Fryslân
De Fryske programmarige 'It oare Fryslân' is no foar it Dútske taalgebiet beskikber op fideo mei Dútske ûndertiteling. It giet om 4 programma's oer taal en skiednis fan East- en Noard-Fryslân.
De rige is yn 1999 útstjoerd op Nederlân 1. De ûndertiteling op de fideo is makke troch Omrop Fryslân-meiwurkster Geertrui Visser. De YnterFryske Rie start ynkoarten mei in kursus Frysk en plat-Dútsk.