Opskuor troch útnoeging

© Omrop Fryslân
In sabeare fermissingsberjocht fan in jonkje fan tolve jier hat foar in soad opskuor soarge yn Kollum. It die bliken dat it om in útnoeging gie foar in jeugdtsjinst yn de NH-tsjerke.
It briefke wie hûs oan hûs besoarge en seach der hiel echt út. Dûmny Hefting is skrokken fan de reaksjes. It spyt him dat de goedbedoelde útnoeging sa ferkeard útpakt is.