Fûgelkykhutte yn natuergebiet

17 jan 2002 - 00:00

Yn it natuergebiet by Dolsterhuzen is in fûgelkykhutte boud. Boeren ha har twa jier lyn feriene yn in agraryske natuerferiening. Se ha in stik lân ôfstien sadat der in natuergebiet ûntstean koe.

Mei ûnder oare Europeesk jild is de kykhutte der kommen. Boargemaster Cazemier fan de gemeente Dongeradiel iepenet de earste fûgelkykhutte 31 jannewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)