Flyers winne bekerwedstriid

17 jan 2002 - 00:00

De beker is mei nei Fryslân kommen, oftewol de Formido Flyers ha woansdei wûn. Yn in spannende wedstriid wienen de Hearrenfeanske iishockyers sterker as de Diamant Trappers út Tilburg.

Yn de earste perioade kamen de Flyers foar mei 0-2. Healwei de tredde perioade waard it 1-2 en flak dêrnei kaam de lykmakker foar de Trappers. Yn de ferlinging skoarde Kroon foar de Flyers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)