Wâldwei wer yn swier waar

© Omrop Fryslân
De ferdûbeling fan de Wâldwei stiet faai. De projektlieder by Rykswettersteat hat syn opdracht om de dyk tusken Ljouwert en Drachten te ferdûbeljen weromjûn. Ek it bedriuwslibben soe dêroan meibetelje en dat soarget foar fertraging.
It CDA is benaud dat de ferdûbeling útsteld wurdt oant 2005. De partij wol it âlde bestek fan trije jier lyn brûke.