Bokma Reclame yn Drachten fallyt

16 jan 2002 - 00:00

Bokma Reclame- en Adviesbureau út Drachten hat it fallissemint oanfrege. Direkteur Bokma hat dat woansdei befestige. Troch tsjinfallende resultaten mei de ynternettakke fan it bedriuw is Bokma yn swier waar terjochte kaam.

Tongersdei sil de rjochtbank nei alle gedachten it fallissemint útsprekke. Bokma slút in trochstart net út. By Bokma wurkje 23 minsken yn fêste tsjinst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)