Harkemase Boys - Snits: 1 - 0

16 jan 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Harkemase Boys wûn tiisdeitejûn foar de beker frij maklik mei 1-0 fan Snits. 150 taskôgers seagen dat Alwin Kooistra al yn it begjin fan 'e wedstiid de iennichste goal makke. Snits miste letter yn 'e wedstriid in soad kânsen. It wie de earste fuotbalwedstriid nei de winterstop. Harkemase Boys hat al sûnt begjin novimber net mear ferlern en dat jout de Harekiten moed.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)