Fjoerwurkbedriuwen meie bliuwe

© Omrop Fryslân
De fjoerwurkbedriuwen JNS Pyrotechniek en Schuurmans meie de kommende trije jier op har plak yn Ljouwert bliuwe. Dat stiet yn it bestimmingsplan foar it gebiet om it FEC hinne.
De gemeente wol lykwols wol dat de bedriuwen op termyn ferpleatst wurde yn ferbân mei de feiligens. Der wurdt praat mei de eigners om in regeling foar bedriuwsbeëiniging te treffen.