Mear begelieding foar wurkleazen

16 jan 2002 - 00:00

De gemeente Ljouwert wol de kommende trije jier 1200 wurkleazen oan in baan helpe. 4000 minsken dy't no yn de bystân sitte, krije spesjale begelieding om wer plak te finen op de arbeidsmerk.

Gemeenteamtners sille by de wurkleazen thús op besite gean. Minister Vermeend fan Sosjale Saken stipet it projekt mei 3,6 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)