Stiens-West op 'e skeppe
De Stienzer wyk Stiens-West giet op 'e skeppe. De bewenners hawwe in plan makke en de gemeente Ljouwerteradiel sil it útfiere. It plan is tiisdeitejûn oanbean oan wethâlder Keizer.
De krúspunten moatte oanpast wurde, diken moatte smeller en der moat bettere ferljochting komme. It plan wurdt stipe troch alle bewenners fan de 120 wenten yn de wyk. De wethâlder is ek entûsjast.