Sionsberg net bang foar takomst

15 jan 2002 - 00:00

Lytse sikehûzen moatte iepen bliuwe. Dat skriuwt it kolleezje bou- en sikehûsfoarsjenningen oan minister Borst. Dat komt Talma Sionsberg yn Dokkum goed út.

Lanlik wurde lytsere sikehûzen lykwols sletten. Yn Dokkum is der noch gjin praat oer. Sterker noch, oer in tal moannen komt Talma Sionsberg mei plannen foar de takomst nei bûten ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)