Teater moat mooglik ticht
It teater fan Karst Berkenbosch yn Aldeberkeap moat mooglik ticht. It gebou foldocht net oan de feilichheidseasken en soe foar tûzenen euro's ferboud wurde moatte.
De eigner is it net iens mei de gemeente om't it gebou ek as legere skoalle brûkt wurdt en dêrfoar is it pân wol goedkard. De ried fan Eaststellingwerf praat der noch oer.