Friezen net hyt op carpoolen

© Omrop Fryslân
Der hawwe 59 Friezen har it ôfrûne jier oanmelden foar de carpool-service fia ynternet. De side Carpooldate bestiet no in jier en it rint noch net stoarm. Dochs is VCC Noard-Nederlân, it bedriuw dat de side beheart, posityf.
Neffens direkteur Fidom helpt it as busbanen of spesjale rydstroken iepen- steld wurde foar carpoolers. Dan binne dy earder te plak.