Wachtlisten noch net koarter

15 jan 2002 - 00:00

Nettsjinsteande it oanlûken fan 11 nije spesjalisten, binne de wachtlisten mar kwalik koarter wurden. Dat docht bliken út de sifers fan soarchfersekerder De Friesland. De spesjalisten helje no in diel fan de wurkdruk fan de kollega's ôf. Fierder is it effekt lyts, om't har eigen praktyk noch opboud wurde moat.

De kommende twa jier moatte der noch 20 spesjalisten bijkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)