Sipierswenten mooglik sloopt

© Omrop Fryslân
De sipierswenten fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert steane op de nominaasje om sloopt te wurden. De njoggen monumintale wenten binne fan wenningstifting Patrimonium, dy't se no noch ferhiert. By sloop moatte de foargevels yn alle gefallen bewarre bliuwe.
It is noch net wis oft der renovearre of nijboud wurdt. Tsjin de simmer komt dêr mear dúdlikens oer.