De Volharding wurdt opknapt

14 jan 2002 - 00:00

Yn septimber 2002 wurdt lang om let útein set mei it opknappen en opbouwen fan it terrein fan De Volharding yn Balk. Gemeente en projektûntwikkelder ha moandei in oerienkomst tekene. Stroffelstien wie de sanearing fan it fersmoarge terrein.

In part fan it âld moalfabryk bliuwt stean. Der komme 46 wentes en in tal boathuzen. It plan kostet 18 mln. euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)