Ljouwerter sjongtrio wint priis

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter sjongtrio Flat Out hat sneon de Friesland Soundmix-award wûn mei de lieten Falling en Lady Marmelade. De wedstryd waard foar de fiifde kear hâlden. Der koene foar it earst ek dielnimmers fan bûten de provinsje meidwaan. It trio wûn in reis nei Florida foar twa persoanen, mar de tredde mei ek mei.
Flat Out einige ferline jier as twadde by Liet, it Frysk sjongfestival.