Nij Frysk poptalint

14 jan 2002 - 00:00

Aaipop presintearret op sneon 26 jannewaris trije nije Fryske bands. Yn 'e Herberch fan Nijlân trede Cormick, Frontaal en Mantel oan foar de achtste edysje fan Lytske Aaipop.

Ien fan de trije bands mei spylje op it grutte Aaipop-peaskefestival. In sjuery bepaalt hokker groep. De jûn wurdt ôfsletten troch de band Orion. It begjint om healwei tsienen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)