Sportoersjoch
Yn 'e kuorbalhaadklasse ferlear Blau Wyt Sport 1 thús mei 16-24 fan DOS. SCO yn 'e oergongsklasse wûn fan Stânfries. Der wie ek winst foar De Legeaën. Drachten en Ljouwert ferlearen.
De follybalsters fan Essent Snits ferlearen de útwedstriid tsjin Vanilla VC. De Flyers iishockeyden sneon tsjin Geleen. De Feansters wûnen mei 3-4.